As ik de toer mar sjoch … Aldeboarn yn 75 libbensferhalen

Kaart niet beschikbaar

Datum/Tijd
25-09-2021
13:30 - 17:00


Op sneon 25 septimber 2021 wurdt it boek

As ik de toer mar sjoch … Aldeboarn yn 75 libbensferhalen

feestlik presintearre yn de Doelhôftsjerke, 14.00 oere.

De presintaasje yn tsjerke is foar genoadigden, mar is foar alle belangstellenden fia in livestream te folgje yn De Fermanje, yn It Andringahûs en yn De Post.

Fanôf 15.00 oere start de boekferkeap yn De Post mei kofje/tee en in hapke – Bert Witteveen en Janny van der Heide-Reijenga binne der fansels ek! Jo binne wolkom!

Fanôf 15.00 o/m 18.00 oere, en op snein 26 septimber fan 10.00 o/m 17.00 oere, is yn De Fermanje de eksposysje fan foto’s fan de 75 fertellers út it boek te sjen. Op snein is it boek hjir ek te keap. Nei it wykein binne de boeken te keap by Bert en Janny.

————————

sneon 25 septimber

13.30      ynrin

14.00      presintaasje en it oerlangjen fan it earste boek troch boargemaster Van der Zwan

15.00      boekferkeap yn De Post mei kofje/tee/hapke (kosten boek € 24,90)

15.00      foto-eksposysje fan de 75 fertellers yn De Fermanje

 

snein 26 septimber

10.00   foto-eksposysje fan de 75 fertellers yn De Fermanje, mei boekferkeap

———————-

-> Wy freegje jo om de QR koade, faksinaasjepapieren of ‘sneltest’ oangeande koroana mei te nimmen.

Share

As ik de toer mar sjoch … Aldeboarn yn 75 libbensferhalen