Ien fan de âldste lienen yn Fryslân is it Kruis- of Doumaleen.
Jancko Douwama wie nei alle gedachten de stichter fan It Lien en hy libbe fan ca. 1483-1533.
Om in lien te stichtsjen moasten je de wearde fan in pachtbuorkerij ynbringe. It lien waard ek nei dizze buorkerij ferneamd, yn dit gefal Doumastate.
De oare namme, Kruisleen, hat te krijen mei it alter fan it Hillige Krús yn de St. Pancras-tsjerke yn Aldeboarn.
De ynkomsten komme noch altyd út de ferhier fan it lân dat no by de Doumapleats (eardere bewenners fam. Bokma) en yn Sorremoarre by Aldeboarn leit.
Jierliks stipet it bestjoer fan It Lien sa’n 3 à 4 studinten finansjeel by harren stúdzje.
Gadingmakkers (Boarnsters gean foar!) sjoch op: doumaleen.nl