Tún Andringastate – Minke Kuiperssingel

[Fryske tekst ûnder]

Tuin van de Andringastate.

De tuin van de voormalige Andringastate is aangelegd in 1768 toen Augustinus Lycklama à Nijeholt de Andringastate aanzienlijk liet verbouwen. Het werd een tuin naar zijn tijd met waterpartijen en kleine hoogte verschillen. Na de afbraak van de state in 1894 kwam ook de tuin al snel in verval. Grond werd verkocht. En de komst van de weg  (nu Súdkant) was het definitieve einde. De foto hier naast zou zijn gemaakt in 1886. De state was toen al in bezit van de Hervormde Gemeente. Het hoofdgebouw werd o.a. gebruikt als pastorie. In dat geval zou de deftig geklede man naast de tuinmannen, de toenmalige predikant ds. E.J. Homoet (1886-1887)  kunnen zijn, maar zekerheid daarover is er niet . De boom grens die u voor u ziet  geeft aan hoe diep de aanvankelijke tuin van de Andringastate was.

Minke Kuiperssingel.

De boomgrens geeft de Minke Kuiperssingel aan. Onder de inwoners van Aldeboarn beter bekend als de Bossingel. Wie was deze Minke Kuipers dat er een singel naar haar is vernoemd. Minke Kuipers werd geboren op 26 juli 1866 en overleden op 4 augustus 1954. In 1925 was de inpoldering van de Súdermieden een feit. Daarmee kwam ook de daar gelegen ijsbaan droog te vallen. Uiteraard werd er behoefte gevoeld aan een nieuwe ijsbaan, maar dan wel het liefst dichter bij het dorp. De “dames Kuipers” (zie foto)  waren niet onbemiddeld.

Zij hadden een aantal huizen in hun bezit, maar ook land.  Tijdens de algemene ledenvergadering van de Maatschappij tot NUT van het algemeen departement Oldeboorn  (het NUT) van 8 oktober 1926 kon de voorzitter meedelen dat de gezusters Kuiper een groot deel  van het hun toebehorend land tissen de Bossingel, belangeloos beschikbaar stelden ten behoeve van een ijsbaan. Als voorwaarde werd gesteld dat de ijsbaan, met name voor het financiële gedeelte, onder toezicht zou worden gesteld van het NUT. Binnen enkele dagen volgde de oprichting van de vereniging “De IJsbaan” en kon er worden begonnen met het grondwerk. De snelheid kon er worden ingehouden vanwege een renteloos voorschot van f 500,- versterkt door Minke Kuipers. Na het overlijden van Minke Kuipers verklaarde de erfgenamen zich bereid de Bossingel plus ruim 5 ha land tegen een billijke prijs aan het NUT te verkopen. Daarmee gaven de erfgenamen gehoor aan de wens van Minke, neergelegd in haar testament, dat de ijsbaan te allen tijde moet blijven bestaan. In 1995 is besloten, ter nagedachtenis aan Minke Kuipers, de Bossingel om te dopen tot “Minke Kuiperssingel” 

Maatschappij tot NUT van het algemeen departement Oldeboorn.

Tijdens de wandeling komt u regelmatig het NUT tegen. Daarom aan het begin iets over het NUT.  In de 18e eeuw bracht sociale betrokkenheid een predikant en enkele stedelingen ertoe om een genootschap te stichten dat zich richtte op de bevordering van het algemeen volksgeluk. Met name door het nemen van initiatieven op het terrein van volksontwikkeling. De Doopsgezinde predikant van Monnickedam,  Jan Nieuwenhuizen, opperde op een gesprekavond met leden van Edam en Monnickedam om een genootschap voor volksontwikkeling te stichten. Op 16 november 1784 vond de oprichting plaats. Het doel was om mensen die daartoe zelf niet de mogelijkheid  hadden, te helpen om kennis te verwerven door hen te voorzien van (school) boeken die in eenvoudige taal geschreven waren. Het idee van Jan Nieuwenhuizen werd concreet gemaakt door zijn zoon Martinus die arts was in Edam. Hij stelde voor een genootschap op te richten met als doelstelling: “de verbetering van het schoolwezen en de opvoeding der jeugd als de voornaamste grondslag ter vorming verbetering en beschaving van den burger” Op 1 augustus 1815 wordt in Aldeboarn een departement van het NUT opgericht. Als departement van de Maatschappij  is het NUT Oldeboorn in de vorige eeuw opgeheven. Het Nut Aldeboarn is als zelfstandige vereniging  nog wel actief. In Fryslân zijn nog 5 officiële departementen van de Maatschappij tot NUT van het Algemeen (Bergum, Buitenpost, Gorredijk e.o, Leeuwarden en Wolvega)

Fryske tekst

Tún fan de Andringa State.

De tún fan de eardere Andringastate waard oanlein yn 1768 doe’t Augustinus Lycklama à Nijeholt de Andringastate flink opknappe liet. It waard in tún fan syn tiid mei wetterpartijen en lytse hichteferskillen. Nei de sloop fan de state yn 1894 rekke de tún al gau yn ferfal. Lân waard ferkocht. En de komst fan de dyk (no Súdkant) wie it definitive ein. De foto hjirnjonken soe yn 1886 makke wêze. Op dat stuit wie de state al yn it besit fan de Herfoarme Gemeente. It haadgebou waard ûnder oare brûkt as pastorij. Yn dat gefal soe de deftich klaaide man neist de túnmannen, de doetiidske dûmny ds E.J. Homoet (1886-1887) wêze kinne, mar hjir is gjin wissichheid oer. De beamgrins dy’t jo foar jo sjogge jout oan hoe djip de earste tún fan de Andringastate wie.

Minke Kuipersingel.

De beamgrins jout de Minke Kuipersingel oan. Under de ynwenners fan Aldeboarn better bekend as de Bossingel. Wa wie dizze Minke Kuiper dat in single nei har neamd is. Minke Kuiper waard berne op 26 july 1866 en stoar op 4 augustus 1954. Yn 1925 wie it ynpolderjen fan ‘e Súdermieden in feit. Dêrtroch droege de iisbaan dy’t dêr lei ek op. Fansels wie der ferlet fan in nije iisbaan, mar leafst tichter by it doarp. De “dames Kuiper” (sjoch foto hjirboppe) koene it skoan dwaan (wiene aardich ryk). Se hiene in oantal huzen, mar ek lân. Under de algemiene gearkomste fan de Maatschappij tot NUT van het Algemeen, ôfdieling Aldeboarn (it NUT) op 8 oktober 1926 koe de foarsitter oankundigje dat de susters Kuiper in grut part fan harren lân tusken de Bossingel fergees beskikber stelden foar in iisbaan. Betingst wie dat de iisbaan, foaral it finansjele diel, ûnder tafersjoch fan it NUT pleatst wurde soe. Binnen in pear dagen waard de feriening “De IJsbaan” oprjochte en koe mei it grûnwurk begûn wurde. Der koe faasje makke wurde troch in renteleas foarskot fan ƒ 500,00 fan Minke Kuiper.  Nei de dea fan Minke Kuiper wiene de erfgenamten  ree de Bossingel plus mear as 5 ha lân tsjin in skaplike priis te ferkeapjen oan it NUT. Dêrmei  joegen de erfgenamten gehoar oan Minke har winsk, fêstlein yn har testamint, dat de iisbaan altyd bestean bliuwe moast. Yn 1995 waard besletten, ta neitins fan Minke Kuiper, de Bossingel om te dopen ta  “Minke Kuipersingel” .

Maatschappij tot NUT van het Algemeen, ôfdieling fan Aldeboarn.

Yn de rin fan de kuier komme jo it NUT geregeld tsjin. Dêrom oan it begjin dus wat oer it NUT. Yn de 18e ieu brocht maatskiplike belutsenens in dûmny en guon stedsminsken dêrta om in genoatskip  te stichtsjen dat him rjochte op it befoarderjen fan it algemiene lok fan de befolking. Benammen troch inisjativen te nimmen op it mêd fan befolkingsûntwikkeling. De menniste  dûmny fan Monnickendam, Jan Nieuwenhuizen, stelde op in gespreksjûn mei leden fan Edam en Monnickendam foar om in genoatskip foar folksûntwikkeling te stiftsjen. It waard oprjochte op 16 novimber 1784. It doel wie minsken te helpen dy’t sels de kâns net hiene, om kennis op te dwaan, troch har te foarsjen fan (skoal) boeken, skreaun yn ienfâldige taal. It idee fan Jan Nieuwenhuizen waard konkreet makke troch syn soan Martinus, dy’t dokter wie yn Edam. Hy stelde foar in genoatskip op te rjochtsjen mei as doel: : “de verbetering van het schoolwezen en de opvoeding der jeugd als de voornaamste grondslag ter vorming verbetering en beschaving van den burger” . Op 1 augustus 1815 waard in ôfdieling fan it NUT yn Aldeboarn oprjochte . As ôfdieling fan de Maatschappij tot NUT van het Algemeen is de ôfdieling  Aldeboarn yn de foarige ieu opdûkt. It Nut Aldeboarn is noch hieltyd aktyf as unôfhinklike feriening. Yn Fryslân binne der noch 5 offisjele ôfdielingen fan de Maatschappij tot NUT van het Algemeen (Burgum, Bûtenpost, Gerdyk en omkriten, Ljouwert en Wolvegea). 

Share

Tún Andringastate – Minke Kuiperssingel