It Doelhof

[Fryske tekst ûnder]

De Basiliskus was al eerder in Fryslân voordat hij in Aldeboarn het leven kostte aan 12 mannen, 4 vrouwen en 2 kinderen.  Negen eeuwen eerder was hij al in Dokkum gesignaleerd. In 513 moet hij daar hebben huisgehouden. Wat de Basiliskus in die negen eeuwen precies heeft gedaan weten we niet. Wel dat hij ook een uitstapje heeft gemaakt naar Utrecht. Aan de Oudegracht in Utrecht komt u hem tegen in een gevelsteen (zie foto).

Overigens schijnt het dier ook iets te hebben met Zwolle. In het stadszegel van die stad staat St. Michael afgebeeld die de Basiliskus dood steekt. In 1413 is het fabeldier in Aldeboarn. De plaatselijke glasblazer had een put geslagen. Het was in het 7e jaar. Eigenlijk zou hij een jaar zijn bedrijfje moeten stil leggen. Dat was gebruikelijk binnen het gilde. Toch sloeg hij een put. Op enig moment kwam er uit de put zo’n verschrikkelijk giftige damp dat 12 mannen, 4 vrouwen en 2 kinderen ter plekke stierven. Maar daar bleef het niet bij. De Basiliskus die dit zou moeten hebben veroorzaakt als een straf naar de glasblazer, verdween uit de put en ging naar de kelder van de glasblazer. Groot paniek, want nu kon hij de kelder niet gebruiken. Het bijzonder giftig fabeldier dood  namelijk met zijn ogen iedereen die hem aanziet. Nu woonde er in Aldeboarn een hele pientere knaap. Hij stelde voor om iemand geblinddoekt en met een spiegel in de hand naar de kelder te laten gaan. Zou de Basiliskus dan in de spiegel kijken zou het dier dood neer vallen. Een goed plan, maar niemand die zich als vrijwilliger opgaf. Uiteindelijk zei de jongeman (de geschiedenis geeft zijn naam niet door) dat hij het dan wel zou gaan doen. En door zijn moedig optreden werd de Basiliskus gedood. Van de glasblazer horen we vanaf dat moment overigens ook niets meer. Hoe het kan dat de Basiliskus vijf eeuwen later weer aanwezig is in een varkenshok in de Friese Wouden;  ach een fabel is geen fabel als alles te verklaren zou zijn.

Doelhôf ongeveer 1908

Fryske tekst

De Basiliskus hie earder yn Fryslân west foardat hy yn Aldeboarn 12 manlju, 4 froulju en 2 bern it libben naam. Njoggen ieuwen earder wie hy al sjoen yn Dokkum. Yn 513 moat hy dêr húsholden hawwe. Wy witte net krekt wat de Basiliskus yn dy njoggen ieuwen dien hat. Wol dat hij in útstapke nei  Utert makke hat. Oan de Oudegracht yn Utert komme jo him tsjin yn in gevelstien.(sjoch foto). Trouwens, it bist liket ek wat te hawwen mei Zwolle. It stedssegel fan dy stêd lit Sint Michaël sjen, dy’t de Basiliskus dea stekt. Yn 1413 is it fabeldier yn Aldeboarn. De pleatslike glêsblazer hie in put slein. It wie yn it 7e  jier. Eins soe hy syn bedriuw in jier stillizze moatte. Dat wie gebrûklik binnen it gilde. Dochs sloech hy in put. Op in stuit kaam der sa’n ferskriklik giftige damp út de put dat 12 manlju, 4 froulju en 2 bern op it plak stoaren. Mar dêr bleau it net bij. De Basiliskus dy’t dit as straf foar de glêsblazer feroarsake ha moast, ferdwûn út  de put en gie nei  de kelder fan de glêsblazer. Grutte panyk, want no koe hy de kelder net brûke. It ekstreem giftige fabeldier deadet mei syn eagen elkenien dy’t it oansjocht. No wenne der in hiel skrandere  jonge yn Aldeboarn. Hy stelde foar om immen mei de eagen ferbûn en mei in spegel yn ‘e hân nei de kelder gean te litten. Soe de Basilisk dan yn ‘e spegel sjen, dan soe  it bist dea delfalle. In goed plan, mar nimmen dy’t him as  frijwilliger opjoech. Uteinlik sei de jonge (de skiednis jout syn namme net troch) dat hy it dwaan soe. En troch syn moedich hanneljen waard de Basiliskus deade. Fan dat momint ôf hearre wy ek neat mear fan de glêsblazer. Hoe it mooglik is dat de Basiliskus fiif ieuwen letter wer oanwêzich is yn in bargehok  yn de Fryske Wâlden; och, in fabel is gjin fabel as alles ferklearre wurde koe.

Share

It Doelhof