It Earmhûs

[Fryske tekst ûnder]

Voor 1850 diende elke kerkelijke denominatie voor haar eigen armen te zorgen. De grondwetsherziening van 1848 zou daar een verandering in moeten geven. Maar dat liep even anders. De eerste armenwet die in 1854 werd afgekondigd regelde dat iedereen die niet bij een kerkgemeenschap was aangesloten, zich kon wenden tot de burgerlijke gemeente. Dit leidde hier en daar tot problemen. Gemeenten wilden allen te hulp komen als men binnen de eigen gemeentegrens was geboren. En dus was het gevolg dat toch velen een beroep moesten blijven doen op de diaconie van de kerken. De armenwet van 1912 voorzag in een grotere rol van de burgerlijke gemeente. Met de invoering van de Algemene Bijstandswet in 1965 werd de financiële ondersteuning een van rechtswege een recht.

De diaconiehuisjes in Aldeboarn waren in handen van de diaconie van de Hervormde Gemeente. Zij bepaalden wie  in aanmerking kwamen voor bewoning. Ook gaf de diaconie financiële ondersteuning of werden er zaken door hen betaald, zoals bijvoorbeeld turf, zodat de kamer enigszins kon worden verwarmd in de winter.  Heel bijzonder in dit geval is het verhaal van Dieuke Egberts Bouma die in augustus 1908  een Bijbel bracht bij ds. P.J. Raap (1896-1943). De Bijbel werd geschonken uit “dankbaarheid voor de hulp en ondersteuning die zij gedurende vele jaren van de diaconie heeft ontvangen” aldus de tekst die ds, Raap in de Bijbel heeft geschreven. Die bijbel ligt nu op de avondmaaltafel in de Doelhôfkerk. In 1939 staat er in een verslag van het NUT dat er in het dorp veel armoede, gebrek, werkeloosheid en honger was. Velen in het dorp kregen steun van de diaconie of de Armenvoogden.

Anders dan in Holland, hadden de Spinhuizen in Friesland de functie van een werkhuis. In het Spinhuis werd gesponnen, geweven en gebreeuwd. Later gebruikte de Doopsgezinde gemeente het Spinhuis als armhuis al woonden er niet altijd behoeftige mensen, gelet op de huurprijs. In 1829 was het Spinhuis nog eigendom van de Doopsgezinde Gemeente “Het oude Huis”. Vanaf 1884 wordt alles particulier bezit. De naam Spinhússtege houdt deze geschiedenis nog in ere.

 De armenvoogden hadden op sommige plaatsen het recht van tolheffing. Zo ook in Aldeboarn. In 1729  ging de tolheffing van de Grietmansbrug (middelste brug over de Boorne) over naar de Armenvoogden. Vanaf dat moment werd er tol geheven over de drie bruggen. De heffing bestond uit 8 penningen voor de schepen met liggende mast en 3 stuivers voor schepen met staande mast. Alles “heen ende weder” Omdat de bruggen ook onderhoud nodig hadden, hield men er een schaduwboekhouding op na. In die zin dat men voor alle schepen het tarief “heen ende weder” hief maar bij hield welke schepen  alleen ‘heen’ en welke alleen ‘weder’ kwamen. Het verschil in opbrengst werd in de schaduwboekhouding bijgehouden. Zo konden zij voldoen aan de armenzorg maar ook de bruggen onderhouden.   

De diaconiehuizen worden in 1889 verbouwd tot “Het Armhuis”  Bijzonder is dat de “moeder van het armhuis” schijnbaar enige medische kennis heeft. Bekend is dat mevrouw B. Westerterp, één van de laatste “moeders”, deze “bekwaamheid” bezat. Toen in 1954 er nog 5 personen werden verpleegd in het “Tehuis voor ouden van dagen” zoals het toen genoemd werd, wilde de gemeente Utingeradeel er van af. Ze wilden het verbouwen tot zelfstandige woningen. Op grond van de Armenwet van 1912 was de gemeente immers  de eigenaar. In de stukken van de gemeenteraad van 26 februari 1954 staan interessante gegevens. Het aantal verpleegden was in 1950 nog 10, 9 in 1951, 7 eind 1952, 6 eind 1953 en in 1954 dus nog slechts 5. Ook over de verpleegprijs krijgen we inzicht door de raadstukken. Over 1950 en 1951 was de verpleegprijs 1200 gulden wat opliep tot 1500 gulden in 1953. Voor 1954 was 2000 gulden in de begroting opgenomen. De netto kosten voor 1954 worden geraamd op 10.000 gulden. De gemeente wil de dan nog 5 verpleegden elders onderbrengen als daar maar “gelijkwaardige” zorg aanwezig is. De enige dame kan worden ondergebracht  in Beekbergen. De vier mannen kunnen naar Friesburg in Heerenveen. Totale kosten 6500 gulden. En dus is de besparing het eerste jaar van slechts 3500 gulden, aldus de notitie aan de raad. Overigens was  ‘”de moeder” in vaste dienst en zou pas op 9 augustus 1955 haar pensioenrechten uitbetaald krijgen. De raad besluit overeenkomstig het voorstel van B&W en dat houdt in dat  “al hetgeen te doen wat nodig is om te komen tot opheffing van het Tehuis van Ouden van dagen in Oldeboorn”. Zodra de vijf verpleegden kunnen worden overgebracht zal het complex worden verbouwd tot afzonderlijke woningen. En zo is geschied.

 

Fryske tekst

Foar 1850 moast elke tsjerklike denominaasje foar har eigen earmen soargje. De grûnwetsoanpassing fan 1848 soe dat feroarje moatte. Mar dat kaam oars út. De earste earmenwet, dy’t yn 1854, ôfkondige waard, regele dat eltsenien  dy’t net ta in tsjerkegemeente hearde, bij de boargerlike gemeente oanklopje koe. Dit late hjir en dêr ta problemen. Gemeenten woene allinne helpe as je binnen har eigen gemeentegrinzen berne wiene. En dus wie it gefolch dat in protte dochs noch in berop dwaan moasten op it diakonaat fan de tsjerken. De earmenwet fan 1912 soarge foar in gruttere rol foar de boargerlike gemeente. Mei de ynfiering fan de Algemiene Bystânswet yn 1965 waard de finansjele stipe in wetlik rjocht.

De diakonijhúskes yn Aldeboarn wiene yn hannen fan de diakens fan de Herfoarme Tsjerke. Se bepaalden wa’t yn oanmerking kaam foar bewenning. De diakonij joech ek finansjele stipe of betelle foar dingen, lykas turf, sadat de keamer  yn ‘e winter wat ferwaarme wurde koe. Hiel bysûnder yn dit gefal is it ferhaal fan Dieuke Egberts Bouma dy’t yn augustus 1908 in bibel brocht bij dûmny P.J. Raap (1896-1943). De Bibel waard skonken út “tankberens foar de help en stipe dy’t se lange jierren fan dediakonij krigen hie,” neffens de tekst dy’t dûmny Raap yn de Bibel skreaun hie. Dy bibel leit no op de nachtmielstafel yn de Doelhôftsjerke. Yn 1939 stiet yn in ferslach fan it NUT dat der in protte earmoede, krapte, wurkleazens en honger yn it doarp wie. Mannich-ien yn it doarp krige stipe fan de diakonij of de Earmenfâlden.
Oars as yn Hollân hiene de Spinhúzen yn Fryslân de funksje fan in wurkhûs. Der waard yn it Spinhûs spûn, weefd  en broud. Letter brûkte de Menniste gemeente it Spinhûs as in earmhûs, al wennen der  net altyd earme minsken, sjoen de hierpriis. Yn 1829 wie it Spinhûs noch eigendom fan de Meniste Gemeente “Het Oude Huis”. Fan 1884 ôf is alles partikulier eigendom. De namme Spinhússtege hâldt dizze skiednis noch yn eare.

De Earmenfâlden hiene op guon plakken it rjocht om tol te heffen. Sa ek yn Aldeboarn. Yn 1729 gie de tolheffing fan de Grytmansbrêge (middelste brêge oer de Boarne) oer nei de Earmenfâlden. Fan dat stuit ôf waarden tolheffingen oplein op de trije brêgen. De heffing bestie út 8 pinningen foar skippen mei in lizzende mêst en 3 stoeren foar skippen mei in steande mêst. Alles “hinne en wer“. Om’t de brêgen ek ûnderhâld nedich hiene, waard der in skaadboekhâlding op nei holden. Yn  de sin dat it taryf “hinne en wer” foar alle skippen heven waard, mar se holden bij hokker skippen allinich “hinne” en hokker allinnich “werom” kamen. It ferskil yn ynkomsten waard registrearre yn de skaadboekhâlding. Op dizze manier koene se de earmensoarch yn stân hâlde mar ek de brêgen ûnderhâlde.

De diakonijhuzen wurde yn 1889 omboud ta “It Earmhûs”. Wat bysûnder is, is dat de “mem fan it earmhûs” blykber wat medyske kennis hat. It is bekend dat frou B. Westerterp, ien fan de lêste “memmen”, dizze “betûftens” hie. Doe’t yn 1954 noch 5 minsken  ferpleegd waarden yn it
“Tehuis voor ouden van dagen” sa’t it doe neamd waard, woe de gemeente Utingeradiel der fan ôf. Se woene it ferbouwe ta  selsstannige wenningen. Op grûn fan  de earmenwet fan 1912 wie de gemeente ommers de eigner. De stikken  fan de gemeenteried fan 26 febrewaris 1954 befetsje nijsgjirrige ynformaasje. It oantal ferpleegden wie yn 1950 noch 10, 9 yn 1951, 7 oan ‘e ein fan 1952, 6 oan’ e ein fan 1953 en yn 1954 mar 5. Ek oer de ferpleechpriis krije we ynsjoch  troch de riedsstikken. Oer  1950 en 1951 wie de ferpleechpriis 1200 gûne, dy’t oprûn nei  1500 gûne yn 1953. Foar 1954 wiene 2000 gûne yn de begrutting opnommen. De nettokosten foar 1954 wurde rûsd op 10.000 gûne. De gemeente wol dan de 5 oerbleaune ferpleegden earne oars ûnderbringe, as dêr “lykweardige” soarch beskikber is. De iennige dame kin ûnderbrocht wurde yn Beekbergen. De fjouwer manlju kinne nei Friesburg op It Hearrenfean. Totale kosten 6500 en dus is de besparring yn it earste jier mar 3500 gûne, neffens in notysje oan ‘e ried. Trouwens, “de mem” wie yn fêste tsjinst en soe pas op 9 augustus 1955 har pensjoenrjochten útbetelle krije. De ried beslút yn oerienstimming mei it foarstel fan  B & W, wat betsjuttet dat  “al hetgeen te doen wat nodig is om te komen tot opheffing van het Tehuis van Ouden van dagen in Oldeboorn”.  Sadree’t de fiif ferpleegden oerpleatst wurde kinne, sil it kompleks omboud wurde ta aparte huzen. En sa barde it.

 

Share

It Earmhûs