De Fermanje

[Fryske tekst ûnder]

Al vroeg voor de Reformatie waren er in Aldeboarn  Anabaptisten of Wederdopers. In 1549, drie weken voor Pasen worden de broers Eelke en Feye in Leeuwarden gevangen gezet. Ze worden gemarteld en gedood. Van hen wordt gezegd dat ze “leerende” waren. Dat zou er op kunnen duiden dat er toen al een kleine gemeente was gevormd. Maar zekerheid daaromtrent is er niet. Het kan ook zijn dat ze rondtrekkende predikers waren. Op 23 april 1574 wordt Reytze Ayesz vanwege zijn geloof om het leven gebracht. Het eerste bekende schuilkerkje (Vermanje) treffen we aan in 1612. Het huidige pand Doelhof 7 met het pand daar direct achter was de eerste Doopsgezinde kerk. In 1695 voegde de gemeente zich bij de “Friese Sociëteit”. 

Gerben Thomas de Jong was belangrijk figuur in het dorp. Naast het feit dat hij een brouwerij had en een café was hij ook commandeur der walvisvaart. Tevens was hij in de Doopsgezinde gemeente “lekenpreker”. Het verhaal gaat dat in het kerkgebouw een houten verwulf moest worden gebouwd. De voorganger was dan beter te verstaan. Toen hij voor een reis naar Groenland met zijn schip in Amsterdam lag, moet hij daar een partij hout hebben gekocht voor het maken van dat verwulf en hebben laten verschepen naar Aldeboarn. Die eigengereidheid  schijnt niet bij iedereen goed gevallen te zijn, want toen Gerben Thomas van de walvisvaart terug kwam, was er door onenigheid nog niets gebeurd. Uiteindelijk heeft Gerben Thomas met nog 50 medestanders de Doopsgezinde gemeente verlaten en heeft een 2e gemeente opgericht. Zij noemden zich Doopsgezinde Gemeente Het Nieuwe Huis. De gemeente die achter bleef noemde zich vanaf dat moment Doopsgezinde Gemeente Het Oude Huis. Aan de Weaze werd door de Doopsgezinde Gemeente Het Nieuwe Huis een kerk gebouwd en in 1738 kon daar de eerste dienst worden gehouden. In 1856 werd er door de Doopsgezinde Gemeente Het Oude Huis een nieuwe kerk betrokken in de Andringastrjitte. Ds. Haga legt op 20 juli 1855 de eerste steen. In de kerk is  een orgel aanwezig uit 1882  gebouwd door de firma Bakker&Timmenga te Leeuwarden 

Preekstoel en orgel.

Het schuilkerkje aan Doelhôf verdwijnt dan en het gebouw wordt opgedeeld in woon en winkel eenheden (Zevenhuizen).  

In 1857 is ds. Klaas Roelofs Schuiling predikant van “Het Oude Huis” en sinds 1882 tevens consulent bij “Het Nieuwe Huis”.  Ds. Schuiling was een man van aanzien. Niet alleen binnen de beide Doopgezinde  gemeenten, maar ook in het dorp. Er waren al een aantal jaren pogingen gedaan tot vereniging van de beide gemeenten. Het 1e bericht dat daaromtrent wordt gevonden is een bijeenkomst op 29 december 1839 (Dagboeken van Lieuwe Jans de Jong 1825-1855). Op een bijeenkomst van beide gemeenten wordt een commissie uit de beide Huizen samengesteld, elk Huis levert drie leden. Het geheel onder leiding van de toen aanwezige predikanten H. Haga (Het Oude Huis) en K.J. Haima (Het Nieuwe Huis). Maar het zal nog tot 12 december 1886 duren vooraleer de samenvoeging een feit zal zijn. Op die dag passeert er bij notaris P.M.T. de Lange te Oldeboorn de acte tot vereniging. Het is Ds. Schuiling geweest die hier een beslissende rol in heeft gespeeld. Het lag dan ook voor de hand dat Ds. Schuiling  de 1e predikant zou worden van “de Vereenigde Doopsgezinde Gemeente het Oude- en het Nieuwe Huis te Oldeboorn” zoals de gemeente vanaf 12 december 1886 ging heten. 

Vanaf nu worden de diensten gehouden in de kerk aan de Andringastrjitte. De kerk aan de Weaze uit 1738 wordt verkocht aan de  “Christelijke Afgescheidene Gereformeerde Gemeente te Oldeboorn. Verkoopprijs f.4040. 

Kerk van de Vereenigde Doopsgezinde Gemeente het Oude- en het Nieuwe Huis te Oldeboorn”  

In 1889 telde de Verenigde Doopsgezinde Gemeente 500 leden en was daarmee in aantal de grootste kerkelijke gemeenschap van het dorp. In 1966 is de gemeente gefedereerd met 6 omliggende gemeenten in de “Federatie Zeven Gemeenten”. Op 16 september 2001 is de eenwording van de “Doopsgezinde Gemeente Mid Fryslân” gevierd.  De kerk in de Andringastrjitte doet vanaf 2007 geen dienst meer en heeft nu een culturele bestemming. De Doopsgezinden van Aldeboarn zijn voor hun diensten aangewezen op de kerk in Grou.

Fryske tekst

Al lang  foar de reformaasje wiene der Anabaptisten of Wederdopers yn Aldeboarn. Yn 1549, trije wiken foar Peaske, waarden de bruorren Eelke en Feye finzen set yn Ljouwert. Se wurde martele en fermoarde. Der wurdt fan harren sein dat se “learders” west hawwe. Dit kin oanjaan dat der doe al  in lytse gemeente foarme wie. Mar der is gjin wissichheid oer. It kin ek wêze dat se rûnreizigjende prekers wiene. Op 23 april 1574 waard Reytze Ayesz fanwegen syn leauwe fermoarde. It earste bekende skûltsjerkje (Fermanje) treffe we oan yn 1612. It hjoeddeiske gebou, Doelhof 7, mei it gebou dêrefter, wie de earste Meniste tsjerke. Yn 1695 sleat de gemeente him oan by de “Friese Sociëteit”.

Gerben Thomas de Jong wie in wichtige figuer yn it doarp. Neist it besit fan in brouwerij en in kafee wie hy ek kommandeur fan de walfiskfeart. Hy wie ek in lekepreker yn de meniste gemeente. It ferhaal giet dat der in houten ferwulf boud wurde moast yn it tsjerkegebou. De foargonger soe dan makliker te ferstean wêze. Doe’t hy foar in reis nei Grienlân mei syn skip yn Amsterdam lei, moast hy in partij hout kocht hawwe foar it meitsjen fan dat ferwulf en soe it nei Aldeboarn ferstjoerd hawwe. Dy eigensinnigheid skynt net by elkenien goed fallen te wêzen, want doe’t Gerben Thomas weromkaam fan de walfiskfeart, wie der fanwegen ûnienigens noch neat bard. Uteinlik ferliet Gerben Thomas de meniste gemeente mei noch 50 oanhingers en stifte in twadde gemeente. Se neamden harsels ‘Doopsgezinde Gemeente Het Nieuwe Huis’. De gemeente dy’t efterbleau neamde har fan dat stuit ôf  ‘Doopsgezinde Gemeente Het Oude Huis’. De Doopsgezinde Gemeente Het Nieuwe Huis boude in tsjerke oan ‘e Weaze en de earste tsjinst koe dêr yn 1738 hâlden wurde. Yn 1856 ferhuze de Doopsgezinde Gemeente Het Oude Huis nei in nije tsjerke yn  de Andringastrjitte.

Dûmny Haga leit op 20 july 1855 de earste stien. Yn de tsjerke is in oargel út 1882, boud troch it bedriuw Bakker & Timmenga út Ljouwert. It skûltsjerkje oan it Doelhôf ferdwynt dan en it gebou is ferdield yn wen- en winkelunits (Zevenhuizen).

Yn 1857 is dûmny Klaas Roelofs Schuiling predikant fan “Het Oude Huis” en sûnt 1882 ek konsulint bij “Het Nieuwe Huis”. Dûmny Schuiling wie in man fan oansjen. Net allinich binnen de twa meniste gemeenten, mar ek yn it doarp. Der wie al in oantal jierren besocht de twa gemeenten te ferienigjen. It earste berjocht dat hjiroer fûn wurdt is in gearkomste op 29 desimber 1839 (Deiboeken fan Lieuwe Jans de Jong 1825-1855). Op in gearkomste fan beide gemeenten is in kommisje út beide huzen gearstald, elk hûs leveret trije leden. It gehiel ûnder lieding fan de doe oanwêzige dûmny’s H. Haga (Het Oude Huis) en K.J. Haima (Het Nieuwe Huis). Mar it soe noch  oant 12 desimber 1886 duorje foardat de gearfoeging  in feit wêze soe. Op dy dei hat notaris P.M.T. de Lange yn Aldeboarn de akte fan feriening opmakke. It is dûmny Schuiling dy’t hjir in beslissende rol yn spile. It lei dêrom foar de hân dat ds. Schuiling de 1epredikant fan  “de Vereenigde Doopsgezinde Gemeente het Oude- en het Nieuwe Huis te Oldeboorn”, sa’t de gemeente fan 12 desimber 1886 ôf te hjitten kaam, wurde soe. Fan no ôf wurde de tsjinsten hâlden yn de tsjerke oan de Andringastrjitte. De tsjerke oan de Weaze út 1738 wurdt ferkocht oan de “Christelijke Afgescheidene Gereformeerde Gemeente” yn Aldeboarn. Ferkeappriis  ƒ 4040.

Yn 1889 hie de Feriene Menniste Gemeente  500 leden, en wie dêrtroch yn oantal de grutste tsjerkemienskip yn it doarp. Yn 1966 gie de gemeente in federaasje oan mei 6 omlizzende gemeenten yn  de “Federatie zeven Gemeenten”. Op 16 septimber 2001 waard de ienwurding fan de ”Doopsgezinde Gemeente Mid Fryslân” fierd. De tsjerke yn de Andringastrjitte docht fan 2007 ôf gjin tsjinst mear en hat no in kulturele bestimming. De menisten fan Aldeboarn binne foar har tsjinsten ôfhinklik fan de tsjerke yn Grou.

Share

De Fermanje