Folkertsmahûs

[Fryske tekst ûnder]

De bewoners van Weaze 30.

Daar waar nu het pand Weaze 30 staat, stond in 1757 een ander huis. Dat werd in dat jaar gekocht door de gebroeders Pieter Teunis en Klaas Teunis de Jong. Ze kochten het voor 450 gulden van Tiemke Jelles. Pieter en Klaas waren zonen van de plaatselijke chirurgijn Teunis Jacobs. Het gekochte huis werd tot de grond toe afgebroken en vervangen door een nieuw pand dat voor het eerst in 1762 betrokken kon worden. Klaas Teunis en zijn vrouw Marijke Klazez waren de eerste bewoners. Klaas Teunis was veenbaas in Gersloot. Toen Klaas Teunis in 1765 overleed bleef zijn weduwe tot haar dood het huis bewonen. Haar erfgenamen verhuurden daarna de woning aan zilversmid Jacob de Nes en aan Hette Douwes Wiersma, een boer in rustte.  Zij bewoonden het huis in 1805 dat toen nog in eigendom was van de familie De Jong. Jacob Klaezes de Jong, die een zoon was van Klaas Teunis, kocht in 1807 zijn broer en zusters uit, en betrok toen zelf de woning. Hij woont er nog in 1832. Hij noemt zich dan “kalkbrander”. In 1884 was Teunis Kuipers de bewoner. Hij is tevens de gemeenteontvanger (zijn kluis staat in Museum Aldheidskeamer Uldrik Bottema). Zijn weduwe woont er in 1914 nog. Later is Kornelis Brouwer bewoner. In 1956 betrok schoolmeester en componist Paulus Folkertsma (1901-1972) het huis.

Het werd gehuurd van Richtsje Kuiper één van de dochters van Teunis Kuipers. Na de dood van Paulus Folkertsma bleef zijn weduwe Helga Khek hier wonen. Toen Richtsje overleed in 1958, bood notaris Vellinga de woning namens de erfgenamen aan, aan  de gemeente Utingeradeel voor 4000 gulden. Op 30 december 1958 kwam het pand in eigendom van de gemeente. Op 17 november 1972 werd het officieel ingeschreven als monument in de zin van de wet. Bij de gemeentelijke herindeling van 1983 ging het pand over naar de nieuwe gemeente Boarnsterhim. Het gemeentebestuur van Boarnsterhim  besloot enkele jaren later om het pand te verkopen. Toen ging het bijna verkeerd. Want op 8 en 23 maart 1989 werd het pand geveild en kwam voor 50.000 gulden in handen van een combinatie van plaatselijke huiseigenaren (strijkgeld schrijvers). Vanwege de tegeltableaus in dit huis, was het met name de toenmalige directeur van wat nu heet “Keramiekmuseum  Princessenhof” die de “Vereniging Hendrick de Keyser” op het spoor bracht van deze woning. Zij stonden voor de taak om het pand uit de handen van de speculanten te krijgen. Dat die een hogere prijs vroegen dan de 50.000 gulden waar zij het voor hadden moeten kopen  zal duidelijk zijn.  Op 15 augustus 1989 kwam het pand in handen van de “Vereniging Hendrick de Keyser” en werd het voor Aldeboarn behouden.  

De bijzonderheid van Weaze 30.

De topgevel is in 1961 herbouwd. We zien in de decoratie aan de voet het jaartal 1760. Dat jaartal klopt. Maar de initialen in de bekroning van de gevel (J.H.V. en F.W.) hebben niets van doen met personen die bij deze woning direct of indirect betrokken zijn of zijn geweest. Die bekroning moet afkomstig zijn van een ander pand.  Het moet lang voor de herbouw in 1961 al zijn geplaatst. Het interieur is rijk betegeld. In totaal 2000 stuks treffen we in deze woning aan. Deze werden omstreeks 1762 geleverd door de Makkumer tegelfabriek van Yme Freerks Tichelaar. De gang heeft een lambrisering van witjes en ‘bloemtegels’, gelegd in een dambord- en pilaarmotief. Verschillende vertrekken hebben tableaus met siervazen, bloemen en exotische vogels. In de opkamer bevindt zich een groot tableau, dat speciaal voor dit huis is vervaardigd, met een voorstelling van een laagveenontginning, de nering van de bouwheer. Hieronder bevinden zich drie genre tafereeltjes, die staan voor zomer, winter en herfst. Dit tableau is geschilders door Dirk Jacobs Danser, die door het “Harlinger schotel- en steentjesbakkerij” was uitgeleend aan Tichelaar om deze klus te klaren. Danser was vooral bekend als schilder van scheepstafrelen. Hetgeen hem goed van pas kwam als plateelschilder voor het verveningstableau. Enkele schilderijen van danser hangen in het museum Hannemahuis te Harlingen.

Het tableau bestaat uit 156 tegels (12×13). Het bovenste deel geeft een beeld van laagveen turfwinning. Opgebaggerde (gebeugelde) en met water vermengde ‘klijn’ wordt op het veld uitgespreid om tot turf te worden verwerkt. Ook de latere fase, de afvoer met de hektjalk (met sprietzeil) is afgebeeld. In de verte is nog een tjalk te zien met gaffelzeilen. Het is tevens de afbeelding van het voorjaar. In de onderste helft zien we drie kleinere tafrelen voorstellende zomer, winter en herfst. 

Heel opmerkelijk is dat er in het gehele pand slechts één religieuze voorstelling aan het licht is gekomen. Daarop zien we de engel Gabriel die Elisabeth vertelt dat ze zwanger zal worden van een zoon. 

Bij de restauratie van 2007 is een interessante vondst gedaan. Het betreft een behangsel uit de 19e eeuw wat op het schoorsteenstuk werd aangetroffen. Het betreft een romantisch tafereel waarschijnlijk uit de Frans Algerijnse oorlog en kan gedateerd worden uit 1830. In een barokke cartouche zien we twee Franse soldaten waarvan er één in gesprek is met een vrouw. Of aan het onderhandelen, gelet op de twee manden die de vrouw aan de arm draagt. De ander rust uit onder de palmboom.

Het huis is niet  vrij toegankelijk voor publiek.. 

Fryske tekst

De bewenners fan Weaze 30.

Wêr’t it gebou Weaze 30 no stiet, stie yn 1757 in oar hûs. Dat waard yn dat jier kocht troch de bruorren Pieter Teunis en Klaas Teunis de Jong. Se kochten it foar 450 gûne fan Tiemke Jelles. Pieter en Klaas wienen soannen fan de pleatslike sjirurgyn Teunis Jacobs. It oankochte hûs waard oant de grûn ta ôfbrutsen en ferfongen troch in nij gebou dat foar it earst yn 1762 bewenne wurde koe . Klaas Teunis en syn frou Marijke Klazes wiene de earste bewenners. Klaas Teunis wie turfbaas yn Gersleat. Doe’t Klaas Teunis yn 1765 stoar, bleau syn widdo oant har dea ta yn it hûs. Har erfgenamten ferhierden it hûs doe oan sulversmid Jacob de Nes en oan Hette Douwes Wiersma, in rentenier boer. Se wennen yn it hûs yn 1805, dat doe noch eigendom wie fan de famylje De Jong. Jacob Klaezes de Jong, dy’t in soan wie fan Klaas Teunis, kocht syn broer en susters yn 1807 út, en bewenne doe sels  it hûs. Hy wennet dêr noch yn 1832. Hy neamt himsels dan “kalkbrander”. Yn 1884 wie Teunis Kuiper de bewenner. Hy is ek de gemeentlike ûntfanger (syn klûs is yn Museum Alheidskeamer Uldrik Bottema). Syn widdo wennet dêr noch yn 1914. Letter waard Kornelis Brouwer bewenner. Yn 1956 kaam skoalmaster en komponist Paulus Folkertsma (1901-1972) yn it hûs te wenjen. It waard hierd fan Richtsje Kuiper, ien fan de dochters fan Teunis Kuiper. Nei de dea fan Paulus Folkertsma bleau syn widdo Helga Khek bewenster fan it hûs. Doe’t Richtsje yn 1958 ferstoar, hat notaris Vellinga it hûs út namme fan de erfgenamten oanbean oan de gemeente Utingeradiel foar 4000 gûne. Op 30 desimber 1958 waard it pân eigendom fan de gemeente. Op 17 novimber 1972 waard it offisjeel registrearre as in monumint yn de betsjutting fan de wet.  By de gemeentlike weryndieling fan 1983 waard it gebou oerdroegen oan de nije gemeente Boarnsterhim. De gemeenteried fan Boarnsterhim besleat in pear jier letter it pân te ferkeapjen. Doe gie it hast mis. Want op 8 en 23 maart 1989 waard it pân feild en kaam foar 50.000 gûne yn hannen fan in kombinaasje fan pleatslike hûseigners (strykjild skriuwers). Fanwege de tegeltablo’s yn dit hûs, wie it fral de doetiidske direkteur fan wat no “Keramiekmuseum Princessehof” hjit, dy’t de “Vereniging Hendrick de Keyser” op it spoar fan dit hûs sette. Se stiene foar de taak om it pân út hannen fan de spekulanten te krijen. It mei dúdlik wêze dat se in hegere priis fregen as de 50.000 gûne wêrfoar se it keapje moasten. Op 15 augustus 1989 kaam it gebou yn hannen fan de “Vereniging Hendrick de Keyser” en waard it bewarre foar Aldeboarn.

De bysûnderheid fan Weaze 30.

De topgevel waard yn 1961 wer opboud. Yn de fersiering oan de foet sjogge wy it jiertal 1760. Dat jier kloppet. Mar de inisjalen yn de bekroaning fan de gevel (J.H.V. en F.W.) hawwe neat te meitsjen mei minsken dy’t direkt of yndirekt belutsen binne by dit hûs. De bekroaning moat ôfkomstich wêze fan in oar pân. It moat al lang foar de weropbou yn 1961 pleatst wêze. It ynterieur is ryk betegele. Wy fine yn totaal 2000 tegels yn dit hûs. Dizze waarden om 1762 hinne levere troch it Makkumer tegelfabryk fan Yme Freerks Tichelaar. De gong hat panielen fan blanke en ‘blommetegels’, lein yn in damboerd en pyldermotyf. Ferskate romtes hawwe tablo’s mei dekorative fazen, blommen en eksoatyske fûgels. Yn de opkeamer  is in grut tablo, dat spesjaal makke is foar dit hûs, mei in ôfbylding fan in ferfeanterij, it bedriuw fan de bouwer. Hjirûnder steane trije sjenretaferieltsjes, dy’t simmer, winter en hjerst ferbyldzje. Dit tableau waard skildere troch Dirk Jacobs Danser, dy’t oan Tichelaar útliend wie troch de “Harlinger schotel- en steentjesbakkerij” om dit wurk te dwaan. Danser wie fral bekend as skilder fan skipstaferielen. Dat kaam him goed fan pas as platielskilder foar it feanterij tablo. Guon fan de skilderijen fan Danser hingje yn it museum ‘Hannemahuis’ yn Harns.

It tableau bestiet út 156 tegels (12×13). It boppeste diel jout in byld fan de turfwinning. Opbaggere (beugele) en mei wetter mingd ‘klyn’ wurdt ferspraat op it fjild om ta turf ferwurke te wurden. Ek de lettere faze, de ôffier mei de hektsjalk(mei sprietseil) wurdt  ôfbylde. Yn de fierte kinne jo noch in tsjalk sjen mei gaffelsilen. It is tagelyk it byld fan de maitiid. Yn de ûnderste helte sjogge wy trije lytsere taferielen dy’t simmer, winter en hjerst foarstelle.

It is hiel opmerklik dat der yn it hiele pân mar íén religieuze foarstelling foar it ljocht kommen is. Dêrop sjogge wij de ingel Gabriel dy’t Elisabeth fertelt dat se swier wurde sil fan in soan.

Bij de restauraasje fan 2007 is der in nijsgjirrige ûntdekking dien. It giet om in behangsel út de 19e ieu dat fûn waard op it skoarstienstik. It is in romantysk taferiel wierskynlik út de Frânske Algeryske oarloch en kin datearre wurde út 1830. Yn in barokke kartouche sjogge wij twa Frânske soldaten, wêrfan ien mei in frou praat. Of ûnderhannelt, mei it each op de twa kuorren dy’t de frou op har earm draacht. De oare rêst ûnder de palmbeam.

It hûs is net frij tagonklik foar it publyk.

Share

Folkertsmahûs