Franciskus Holkema

[Fryske tekst ûnder]

Dit huis is de voormalige woning van de directeur van de Christelijke Basisschool. De laatste bewoner als directeur van de Christelijke Basisschool was meester Wybren de Glee. Hier stond eertijds de pastorie van de Nederlands Hervormde Gemeente. De laatste predikant die de pastorie bewoonde was Ds. Arjen Buwalda van Holkema. In 1881 werd hij de eerste predikant die de Andringastate als pastorie ging bewonen. Hij was getrouwd met Trijntje Stam en uit het huwelijk zijn drie kinderen geboren. Een dochter en twee zoons. Een daarvan was Franciscus. Hij werd geboren op 10 mei 1841. Ds. Buwalda van Holkema heeft Aldeboarn gediend van 1838 tot aan zijn emeritaat in 1885. Aldeboarn was zijn enige gemeente. Op 28 oktober 1840 was uit het huwelijk van schoolmeester Harmen van Tuinen en Trijntje Jans Bos een zoon geboren die de naam Klaas kreeg.  Ds. Buwalda was getuige bij de geboorte aangifte van Klaas en meester Van Tuinen was de getuige bij de aangifte van Franciscus. Ongetwijfeld hebben beide jongens in hun jeugdjaren met elkaar gespeeld. De tuinen grensden aan elkaar. Beide hadden ze voorliefde voor de natuur. Samen hebben ze een herbariumblad aangelegd van de Weegbree die ze hadden gevonden aan de Wetering in  1863 “achter de pastorie” zoals de notitie op het herbariumblad aangeeft. Dit herbariumblad is in bruikleen afgestaan door Naturalis te Leiden aan Museum Aldheidskeamer Uldrik Bottema. In dat museum is een permante expositie over deze beide biologen.

Aldeboarn ten tijde van Franciscus Holkema en Klaas van Tuinen. Oostelijk van de kerk is de school en de pastorie ingetekend.

Franciscus gaat wis- en natuurkunde studeren in Groningen. Na zijn kandidaatsexamen vond er overleg plaats met Prof. Van Hall. Besloten werd dat Franciscus een studie zou maken van de vegetatie op de Waddeneilanden. Maanden aan een heeft hij “met een onuitputtelijke nijver en geduld” zou schreef Van Hall later, in de jaren 1866/69 op alle Waddeneilanden, ook op Griend en Rottum, de plantenwereld bestudeerd en materiaal verzameld. Het doel was een dissertatie te schrijven voor zijn doctoraal examen onder begeleiding van Prof. Van Hall. Franciscus was, zo zou je kunnen zeggen, een plantensocioloog. Hij beschreef niet allen wat hij zag aan planten, maar ook het biotoop waarin hij het aantrof. Van heel veel planen op de Waddeneilanden was Franciscus de eerste vinder. Zo vond hij in de poelen van “Het Groote Vlak” op Texel het Doorschijnend Fonteinkruid ( Potamogeton coloratus)  Deze vondst is tot in 1978 betwijfeld. Pas toen is door de Friese onderwijzer en bioloog  D.T.E. van der Ploeg (1919-2006) komen vast te staan dat Franciscus gelijk had. De plant die hij indertijd op Texel gevonden heeft ligt nu in het grote herbarium van Naturalis in Leiden.   Een andere primeur van Franciscus was de vondst van de Crandberry (Oxycoccus macrocarpon). Franciscus noemt het “deze schoone nieuweling in de Europeesche Flora” Zijn vondst zou de start worden van de Crandberry cultuur op Terschelling.

Bij het nakijken van de drukproeven van de dissertatie overleed Franciscus vrij plotseling. Hij kreeg een hevige bloedspuwing die binnen een uur een einde aan zijn leven maakte. Prof. Van Hall heeft de laatste hand aan het profschrift gelegd dat in 1870 postuum kon uitkomen. Het werd uitgegeven door zijn broer in Amsterdam die samen met Scheltema een boekhandel en uitgeverij runde.

Het originele proefschrift  (zie foto hiernaast) is door Prof. Victor Westhoff (1916-2001) geschonken aan Museum Aldheidskeamer Uldrik Bottema en maakt deel uit van de permanente expositie over de twee Boanster biologen.

Franciscus  overleed op 11 juni 1870 te Groningen en werd begraven op het kerkhof aan de zuidzijde van de toenmalige Hervormde Kerk (nu Doelhôfkerk), bij zijn moeder Trijntje Stam. Helaas zijn de beide graven in de 40er jaren van de 20e eeuw  geruimd.  

 

Fryske tekst

Dit hûs is it eardere hûs fan de direkteur fan de Kristlike Basisskoalle. De lêste bewenner as direkteur fan de Kristlike Basisskoalle wie master Wybren de Glee. Hjir stie eartiids de pastorij fan de Nederlânsk Herfoarme Gemeente. De lêste dûmny dy’t de pastorij bewenne wie ds. Arjen Buwalda van Holkema. Yn 1881 waard hij de earste dûmny dy’t de Andringastate  bewenne as pastorij. Hij wie troud mei Trijntje Stam en út it houlik waarden trije bern berne. In dochter en twa soannen. Ien fan dizze wie Franciscus. Hy waard berne op 10 maaie 1841. Ds. Buwalda van Holkema tsjinne Aldeboarn fan 1838 oant syn emeritaat yn 1885. Aldeboarn wie syn iennige gemeente. Op 28 oktober 1840 waard in soan út it houlik fan skoalmaster Harmen van Tuinen en Trijntje Jans Bos berne dy’t de namme Klaas krige. Ds. Buwalda tsjûge bij de berteoanjefte  fan Klaas en master Van Tuinen wie de tsjûge by de berteoanjefte fan Franciscus. Sûnder mis boarten beide jonges mei elkoar yn har bernetiid. De tunen grinzen oan elkoar. Se hienen beide in leafde foar de natoer. Tegearre makken se in herbariumblêd fan it Weversblêd dat se yn 1863 bij  de Wjittering  fûnen “efter de pastorij” lykas de notysje op it herbariumblêd oanjout. Dit herbariumblêd is troch Naturalis yn Leiden yn brûklien jûn oan Museum Alheidskeamer Uldrik Bottema. Yn dat museum is in permaninte tentoanstelling oer dizze twa biologen.

Franciscus gie nei Grins om wiskunde en natoerkunde te studearjen. Nei syn kandidaatseksamen fûn oerlis plak mei Prof. Van Hall. Der waard besletten dat Franciscus in stúdzje meitsje soe fan de fegetaasje op de Waadeilannen. Moannen lang hat hij “mei in ûnútputlike iver en geduld” skreau Van Hall letter, yn de jierren 1866/69, op alle Waadeilannen, ek op Griend en Rottum, de plantenwrâld bestudearre en materiaal sammele. It doel wie om in proefskrift te skriuwen foar syn doktoraal eksamen ûnder begelieding fan Prof. Van Hall. Franciscus wie, soene jo sizze, in plantensojolooch. Hij beskreau net allinich wat hij seach oan planten, mar ek de biotoop wêryn hij se fûn. Franciscus wie fan in protte planten op de Waadeilannen de earste finer. Yn de puollen fan “Het Groote Vlak” op Tessel, fûn hy bygelyks it Trochskinend Bearzekrûd  (Potamogeton coloratus). Dizze fynst waard oant 1978 betwivele. Pas doe is troch de Fryske ûnderwizer en biolooch D.T.E. van der Ploeg (919-2006) befestige dat Franciscus gelyk hie. De plant dy’t er doe op Tessel fûn, leit no yn it grutte herbarium fan Naturalis yn Leiden. In oare primeur fan Franciscus wie de ûntdekking fan de Cranberry (Oxycoccus macrocarpon). Franciscus neamt it “dizze prachtige nijkommer yn de Europeeske Flora”. Syn ûntdekking soe it begjin wêze fan de Cranberry kultuer op Skylge.

Bij it neisjen fan de printkladde fan it proefskrift stoar Franciscus frij hommels. Hij krige in slimme bloedspuiïng  dy’t binnen in oere in ein oan syn libben makke. Prof. Van Hall foltôge it proefskrift dat yn 1870 postuum publisearre wurde koe. It waard útjûn troch syn broer yn Amsterdam dy’t  tegearre mei Scheltema in boekhannel en útjouwerij hie.

It orizjinele proefskrift waard troch Prof. Victor Westhoff (1916-2001) skonken oan Museum Alheidskeamer Uldrik Bottema en makket diel út fan de permaninte eksposysje oer de twa Boanster biologen.

Franciscus stoar op 11 juny 1870 yn Grins en waard begroeven op it tsjerkhôf oan de súdkant fan  de doe grifformearde tsjerke (no Doelhôftsjerke), bij syn mem Trijntje Stam. Spitigernôch waarden beide grêven yn de 40er  jierren fan de 20e ieu romme.

 

Share

Franciskus Holkema