It Medium

[Fryske tekst ûnder]

In 1939 is het  woonhuis van de hoofdonderwijzer bij het voormalige schoolgebouw afgebroken. De laatste bewoner van dat pand was, zoals blijkt uit het bord aan de muur, een barbier (kapper). Het eerste bewijs  van school en woonhuis vinden we in 1617.  Dan is Harmen Folkerts “schooldienaar”. Hij blijft dat tot 1723. We vinden het schoolgebouw dan tussen Hervormde kerk en Pastorie. Dus op de plaats waar de voormalige school nu nog staat. Het schoolgebouw en woning komen we ook tegen in 1779 als de toenmalige hoofdonderwijzer Bernard Rijks Spoelstra de eerste organist wordt op het Van Dam orgel in de toen Hervormde kerk, nu Doelhôfkerk. In de geschriften van Jancko Douwama (ca 1482-1533) is een hoofdstuk opgenomen waarin hij instructies geeft aan zijn vrouw. Jancko Douwama heeft zijn geschriften in gevangenschap (Vilvoorde) geschreven. In zijn instructie aan zijn vrouw schrijft hij dat het zijn grote wens is dat hun kinderen thuis blijven en  de school afmaken alvorens ze ergens anders  gaan studeren. Jancko Douwama adviseert zijn vrouw dat, als het zover is dat de school is afgemaakt en ze elders gaan studeren, er gekozen moet worden  voor een Franse universiteit. Uit de tekst van Jancko Douwama zou je dus kunnen opmaken dat er toen al een schooltje in het dorp was. Of dat schooltje op dezelfde plaats heeft gestaan als het gebouw dat nu wordt verbouwd tot een multifunctionele woning, is niet duidelijk. Als in 1872 er een nieuwe school wordt gebouwd, gaat in 1875 dit gebouw over naar het NUT en wordt het een “NUT bewaar- naai- en breischool”. Op 16 maart 1973 gaat het gebouw verder onder de naam “Medium” Het is dan een jongerencentrum. Bij de opening sprak meester de Groot o.a. het volgende: “In 1875 stichtte het immer al voortvarende Boarn er een bewaarschool op initiatief van het Nut. Enkele jaren geleden kwam er een nieuwe Nutskleuterschool en nu, na de kinderen en de kleuters is het pand voor de hokkelingen”. In 2016 kwam er een einde aan het Jongerencentrum “Medium” Nu wordt het een woning met een multifunctionele ruimte.

Op 20 oktober 1840 werd in het gezin van meester Van Tuinen, woonachtig in het “schoolhuis” zoon Klaas geboren. Na de lagere school, werd hij ambtenaar op de secretarie van de gemeente (Aldeboarn was de hoofdplaats van Utingeradeel).  In 1870 ging hij studeren in Amsterdam. Hij studeerde delfstof, aard, plant en dierkunde. Een jaar later werd bij ds. Buwalda van Holkema een zoon geboren, Franciscus. Deze twee jongens zouden later belangrijke biologen worden. Als lid van de Nederlandsche Entomologische Verenging werd Klaas de eerste die middels een aluminimum camera en een Zeiss microscoop de zagen van de bladwespen fotografeerde. Kopieën daarvan zijn te zien in het “Museum Aldheidskeamer Uldrik Bottema”. Vooral in het buitenland trok dit aandacht. Klaas kreeg in 1880 toestemming van Koning Willem III om Bisschop aan zijn achternaam toe te voegen. In 1879 had Klaas zijn verzoek onderbouwd met de opmerking dat “adressant zijn vader steeds bekend is geweest onder den naam van Harm Bisschop van Tuinen. Van adressants grootmoeder Johanna Maria Bisschop zijn niet dan verre bloedverwanten in leven”.  In de schoolarchieven wordt de stelling van Klaas echter niet bevestigd. Daarin komen we alleen de naam Harm van Tuinen tegen. Er gaat een verhaal dat hij zijn zinnen had gezet op een erfenis in de “Bisschop” familie. Door zijn voorliefde voor insecten werd hij in familiekringen “oom strontvlieg” genoemd.

     Klaas Bisschop van Tuinen (1840-1905)

Het herbarium van Franciscus heeft de familie Holkema verkocht aan Klaas en bevindt zich nu in Leiden (Naturalis) samen met het herbarium wat Klaas zelf heeft samengesteld.  Overigens hebben beide jongens in de Wetering ook samen een herbarium aangelegd. De tuinen van de beide families grensden aan elkaar en grensde aan de Wetering. Het herbariumblad over de Weegbree, is door Naturalis in bruikleen gegeven aan het “Museum Aldheidskeamer Uldrik Bottema”. Daar is ten behoeve van deze twee biologen een permanente expositie ingericht. Klaas werd medeoprichter van de Muziekschool in Zwolle. Hij heeft ook heel veel gepubliceerd. Hij overleed kort voor zijn pensioen op 14 juli 1905. 

Fryske tekst

Yn 1939 waard it hûs fan de haadûnderwizer bij it eardere skoalgebou sloopt. De lêste bewenner fan dat gebou wie, lykas bliken docht oan it buordsje oan de muorre, in barbier (kapper). It earste bewiis fan skoalle en wenhûs fine we yn 1617. Dan is Harmen Folkerts “skoaltsjinder”. Hy bliuwt dat oant 1723. Wy fine dan it skoalgebou tusken de Herfoarme tsjerke en de pastorij. Dat,  op it plak wer’t de eardere skoalle no noch stiet. Wy komme it skoalgebou en hûs ek tsjin yn 1779 doe’t de doetiidske haadûnderwizer Bernard Rijks Spoelstra de earste oargelist waard op it Van Dam-oargel yn de doedestiids Herfoarme tsjerke, no Doelhôftsjerke. Yn de geskriften fan Jancko Douwama (ca. 1482-1533) is der in haadstik opnommen wêryn hy ynstruksjes oan syn frou jout. Jancko Douwama skreau syn geskriften yn finzenskip (Vilvoorde). Yn syn ynstruksje oan syn frou skriuwt hy dat it syn grutte winsk is dat harren bern thús bliuwe en de skoalle foltôgje foardat se earne oars studearje soene. Jancko Douwama advisearret syn frou dat, as it safier is datse de skoalle foltôge hawwe en se earne oars studearje sille,se kieze moatte foar in Frânske universiteit. Ut de tekst fan Jancko Douwama koene jo dus opmeitsje dat der op dat stuit al in skoaltsje yn it doarp wie. It is net dúdlik oft dat skoaltsje op itselde plak stie as it gebou dat no omboud wurdt ta in multyfunksjoneel wenhûs. As der yn 1872 in nije skoalle boud wurdt, giet dit gebou yn 1875 oer nei it NUT en wurdt it in “NUT-bewaar-naai- en breischool”. Op 16 maart 1973 giet it gebou fierder ûnder de namme “Medium”. It is dan in jeugdsintrum. Bij de iepening sei master de Groot ûnder oare: “Yn 1875 stifte it altyd al trochpakkende Boarn in beukerskoalle op inisjatyf fan it Nut. Inkelde jierren lyn kaam der in nije beukerskoalle en no, nei de bern en pjutten, is it gebou foar de hokkelingen”. Yn 2016 kaam der in ein oan it jeugdsintrum “Medium”. No wurdt it in wenning mei in multyfunksjonele romte.

Op 20 oktober 1840 waard der yn de famylje fan master Van Tuinen dy’t yn it “skoalhûs” wenne, soan Klaas berne.  Nei de legere skoalle waard hy amtner by de sekretay fan de gemeente (Aldeboarn wie it haadplak fan Utingeradiel). Yn 1870 gie hy nei Amsterdam om te studearjen. Hy studearre mineralen, natuer, plantkunde en dierkunde. In jier letter waard der bij dûmny Buwalda van Holkema in soan berne, Franciscus. Dizze beide jonges soene letter wichtige biologen wurde. As lid fan de Nederlânske Entomologyske Feriening waard Klaas de earste dy’t mei in aluminium kamera en in Zeiss-mikroskoop de seagen fan de blêdwesp fotografearre. Kopiën hjirfan binne te sjen yn it “Museum Alheidskeamer Uldrik Bottema”. Dit krige foaral yn it bûtenlân omtinken. Klaas krige yn 1880 tastimming fan kening Willem III om Bisschop ta te foegjen oan syn efternamme. Yn 1879 hie Klaas syn fersyk ûnderboud mei de opmerking dat ‘de heit fan de adressant altyd bekend wie ûnder de namme fan Harm Bisschop van Tuinen. Allinich fiere famylje fan de beppe fan de adressant, Johanna Maria Bisschop, libbet noch”. De ferklearring fan Klaas wurdt lykwols net befestige yn de skoalargiven. Dêryn komme wy allinich de namme Harm van Tuinen tsjin. Der giet in ferhaal dat hy syn each falle litten hie op in erfenis yn de “Bisschop” famylje. Fanwegen syn leafde foar ynsekten waard hy yn famyljerûnte “omke strontmich” neamd.

Klaas Bisschop van Tuinen (1840-1905)

It herbarium fan Franciscus is troch de famylje Holkema ferkocht oan Klaas en leit no yn Leiden (Naturalis) tegearre mei it herbarium dat Klaas sels gearstald hat. Trouwens, de twa jonges hawwe ek tegearre in herbarium yn ‘e Wjiitering oanlein. De tunen fan de beide famyljes grinzen oan elkoar en grinzen oan de Wjittering. It herbariumblêd oer it weversblêd is troch Naturalis yn brûklien jûn oan it “Museum Alheidskeamer Uldrik Bottema”. Dêr is foar dizze twa biologen  in permaninte tentoanstelling ynrjochte. Klaas waard mei-oprjochter fan de Muzykskoalle yn Zwolle. Hy publisearre ek in soad. Hy ferstoar koart foar syn pensjoen op 14 july 1905.

Share

It Medium