Nieuw Bornia

[Fryske tekst ûnder]

Bij de afkondiging van de Gemeentewet van Thorbecke in 1851 komt er een einde aan het Grietmanschap. De dan nog aanwezige Grietmannen worden burgemeester. Een grietman was deels een voorloper van de huidige plattelandsburgemeester in de provincie Fryslân, en deels de voorloper van een rechter, min of meer vergelijkbaar met de huidige kantonrechter. De grietmannen zorgden voor het bestuur en de rechtspraak in de Friese grietenijen (gemeenten). De elf Friese steden hadden burgemeesters.

In Utingeradeel  was  in 1851 Wilco Holdinga Lycklama à Nijeholt de Grietman. Hij werd toen de eerst burgemeester van Utingeradeel en bewoonde de Andringastate. Hij overleed in 1872. Maar dan is Bernhard Jouke Buma inmiddels als burgemeester benoemd. Hij laat in dat jaar het huis Nieuw Bornia bouwen.  Nieuw Bornia is genoemd naar een huis van de familie Buma te Weidum. Dat huis heette “Borniastate” en is in 1864 voor afbraak  verkocht. In 1868 was het inmiddels met de grond gelijk gemaakt. De familie noemde meer huizen “Borniastate” zoals bijvoorbeeld in Huizum (Verlengde Schrans) bij Leeuwarden.

Nieuw Bornia wordt achtereenvolgens de ambtswoning van de burgemeesters;  Bernhard Jouke Buma, Eco Haisma Mulier, Arnold Gerhard Smijter, Cyprianus Johannes van der Veen en Roelof Brinkhuis.

  

Borniastate in Weidum (foto: States en Stinzen in Friesland)

In 1914 gaat de burgemeester het pand Weaze Westein 14 bewonen en wordt Nieuw Bornia een woning annex  huisartsenpraktijk. Achtereenvolgens is het woning annex huisartsenpraktijk van: respectievelijk J.C. Wildervanck, A. Terpstra, C.P. van Heel, W.L. van der Torre.

Het waren, wat werd genoemd, apotheek houdende huisartsen. Als Van der Torre in september 2001 naar Deventer verhuist komt er een einde aan Nieuw Bornia als huisartsenpraktijk. Voor een bezoek aan de huisarts moeten de inwoners van Aldeboarn van af dat moment  naar Akkrum.

Nieuw Bornia als woning en huisartsenpraktijk.

Volgens het opschrift aan de adreszijde van de kaart woont dokter Wildervanck (1873-1933) er op dat moment. De garage links op de foto is door dokter Wildervanck in 1923 gebouwd. De foto moet dus van  1923 zijn of later.

 

Fryske tekst

Mei de ôfkondiging fan de Gemeentewet fan Thorbecke yn 1851 kaam der in ein oan it Grytmanskip. De Grytmannen noch oanwêzich yn dy tiid wurde boargemaster. In grytman wie foar in part in foargonger fan de hjoeddeiske plattelânsboargemaster yn de provinsje Fryslân, en foar in part de foargonger fan in rjochter, min ofte mear te fergelykjen mei de hjoeddeiske rjochter fan it kantongerjocht. De grytmannen soargen foar it bestjoer en de rjochtsspraak yn Fryske gritenijen (gemeenten). De alve Fryske stêden hiene boargemasters.

Wilco Holdinga Lycklama à Nijeholt wie yn 1851 de Grytman yn Utingeradiel. Hy waard doe de earste boargemaster fan Utingeradiel en bewenne de Andringastate. Hy stoar yn 1872. Mar doe wie wyls Bernhard Jouke Buma beneamd ta boargemaster. Yn dat jier liet hy it hûs Nieuw Bornia bouwe. Nieuw Bornia is neamd nei in hûs fan de famylje Buma yn Weidum. Dat hûs waard “Borniastate” neamd en waard yn 1864 ferkocht foar sloop. Yn 1868 wie it mei de grûn lyk makke. De famylje neamde mear huzen “Borniastate” lykas yn Huzum (Verlengde Schrans) by Ljouwert.

Nij Bornia wurdt efterinoar de offisjele residinsje fan de boargemasters: Bernhard Jouke Buma, Eco Haisma Mulier, Arnold Gerhard Smijter, Cyprianus Johannes van der Veen en Roelof Brinkhuis.

Yn 1914 ferhuze de boargemaster nei  it pân  Weaze Westein 14 en waard Nieuw Bornia in wenning  en húsdokterspraktyk. Efterinoar wie de wenning en praktyk fan respektivelik J.C. Wildervanck, A. Terpstra, C.P. van Heel, W.L. van der Torre.

Se wiene wat neamd waard apotheekhâldende húsdokters. As Van der Torre yn septimber 2001 nei Dimter ferhuzet, komt der  in ein oan Nieuw Bornia as húsdokterspraktyk. Fan dat momint ôf moatte de ynwenners fan Aldeboarn nei Akkrum om har húsdokter  te besykjen.

Share

Nieuw Bornia