Skoalle

[Fryske tekst ûnder]


Het onderwijs was aanvankelijk een taak voor de kerk. En in Aldeboarn was dat niet anders. De geestelijken, als dienaren van de kerk, namen het onderwijs op hen. In de Middeleeuwen was Aldeboarn een belangrijke plaats. Kerkelijk was het de dekenaatzetel van het dekenaat Bornego. Op grond daarvan mag met een aan zekerheid grenzende waarschijnlijkheid worden verondersteld dat er toen ook al een school moet zijn geweest. Een aanwijzing in de richting treffen we aan in de geschriften van Jancko Douwama (ca 1482-1533). Hij schrijft in gevangenschap (Vilvoorde) aan zijn vrouw dat als de kinderen de school hebben afgemaakt, zij verder moeten studeren in Frankrijk (zie hierover blz. 156 “Een man van eer”, Martha Kist en Harmen Wind 2003). Waar deze school heeft gestaan weten we niet. Het kan natuurlijk ook zijn dat het onderwijs werd gegeven in een ruimte van de kerk die als schooltje zou zijn ingericht. De St. Pancratiuskerk  die toen op de plaats stond waar nu de Doelhôfkerk staat, was een voor zijn tijd grote dekenaatskerk. Maar ook dat blijft gissen. De eerste schoolmeester die in de archieven wordt vermeld is Harmen Folkertz. Hij is schoolmeester in Aldeboarn van 1617 tot 1623. Als na de hervorming er volgens sommige Rooms Katholieken te veel wordt onderwezen wat naar hun oordeel in strijd is met de leer van de moederkerk, is het de “papist” Wypke Tjaerds die in 1635 een “bijschoole” houdt. Dit is tegen het zere been van de classis (regionaal kerkelijk bestuur) Zevenwolden. Na bemoeienis van de classis wordt er van die “bijschoole” niets meer gehoord. In 1866 doet zich weer een probleem voor. Meester Van Tuinen laat de kinderen  lezen “in godsdienstige boeken inhoudende Bijbelsche verhalen” De schoolopziener die een verslag van de schoolcommissie onder ogen kreeg waar dit in beschreven stond, richtte zich in een brief tot het college van Burgemeester en Wethouders met het verzoek de onderwijzer te wijzen “op zijn laakbare handelingen en hem te gelasten zich voortaan hiervan te houden”. Meester Van Tuinen verweerde zich fel tegen deze beschuldiging. Hij verwees naar de wet waarin staat dat er moest worden opgeleid in alle Christelijke en maatschappelijke deugden en dat niemand op enigerlei wijze aanstoot mocht nemen aan welk onderdeel van het onderwijs dan ook. In een gesprek tussen alle betrokkenen werd het probleem opgelost. Hoe was de salariëring van de onderwijzer?  De kerkvoogdij betaalde  280 gulden als salaris verder ontving de schoolmeester de schoolpenningen van het aantal leerlingen dat op school zat en hij had vrij wonen.  Na het vertrek van meester Van Tuinen  kwam  er een einde aan de salaris betaling door de kerk. 

Het schoolgebouw werd te klein. Er moest een nieuwe school komen. In 1872 wordt die in gebruik genomen. Meester Van Tuinen (vader van de bioloog Klaas Bisschop van Tuinen) heeft daar maar kort onderwijs kunnen geven want in datzelfde jaar ging hij met pensioen. Het was, zoals dat in de wet van 1857 omschreven werd, “een neutrale school.  Daar had meester Van Tuinen zich dus op beroepen. De oude school ging over naar het NUT en werd een “bewaar naai- en breischool”. In 1922 wordt de dan Openbare Lagere school (school 1) danig verbouwd. Er zijn na de verbouwing vijf lokalen en een gymnastiekzaal. In 1987 wordt de huidige OLS de Boarne in gebruik genomen. 

                                                                                                                                                                                   

De schoolwet van 1857 opende ook de mogelijkheid tot oprichting van bijzondere scholen. Deze zouden echter niet door de overheid worden gefinancierd. De gelijke financiering tussen Openbaar onderwijs en Bijzonder onderwijs kwam in 1917 tot stand en werd verankerd in artikel 23 van de Grondwet. In 1887 lezen we voor het eerst dat er pogingen worden ondernomen om te komen tot  een “School met de Bijbel”. Er blijken dan twee verenigingen te zijn de Christelijk onderwijs in Aldeboarn willen.  In 1935 fuseren die twee verenigingen. In 1888 wil men omzien naar de mogelijkheid van een lokaal om onderwijs te kunnen geven. De voormalige pastorie van de Hervormde Gemeente werd daartoe aangekocht. Dat de school tussen twee andere scholen zou worden ingeklemd was geen bezwaar. Op 10 juni 1889 wordt de bouw van de eerste Christelijke school gegund aan de plaatselijke timmerman Haasdijk.  In 1913 wordt deze school verbouwd en in 1951 wordt een geheel nieuwe school gebouwd aan de Skoallereed/Súdkant. Deze school wordt later omgebouwd tot Dorpshuis de Jister en op 29 maart 1989 als zodanig in gebruik genomen. In 1986 wordt aan de Jancko Douwamastrjitte  de Christelijke basisschool De Finne in gebruik genomen. Hij kwam op de plaats van de NUTS Kleuterschool die op 18 december 1972 werd geopend door hoofdleidster juffrouw Boersma. De kleuterschool kreeg de naam “De earste wjukslach”. De oude “NUTS bewaar- naai en breischool” kon op 16 maart 1973 in gebruik worden genomen als jongerencentrum “Medium” .

Het Klaverblad 11 januari 1972 deed verslag van de opening van de NUTS kleuterschool.

Fryske tekst

Underwiis wie ynearsten in taak foar de tsjerke. En it wie yn Aldeboarn net oars. De geastliken, as tsjinders fan de tsjerke, namen it ûnderwiis op harren. Yn de midsieuwen wie Aldeboarn in wichtich plak. Tsjerklik wie it de dekanaatssit fan it dekanaat fan Bornego. Op grûn dêrfan kin mei in oan wissichheid grinzjende  wierskynlikheid oannommen wurde, dat der doe ek in skoalle west hawwe moat. Wy fine in oanwizing yn dy rjochting yn de geskriften fan Jancko Douwama (ca 1482-1533). Hij skriuwt yn finzenskip (Vilvoorde) oan syn frou dat as de bern klear binne mei skoalle, se yn Frankryk fierder studearje moatte (sjoch side 156 “Een man van eer”, Martha Kist en Harmen Wind 2003). Wy witte net wêr’t dizze skoalle eartiids stie. It is fansels ek mooglik dat it ûnderwiis jûn waard yn in keamer fan de tsjerke dy’t as skoaltsje ynrjochte west ha soe. De Sint Pancratius tsjerke, dy’t doe op it plak stie dêr’t no de Doelhôftsjerke stiet, wie foar syn tiid in grutte dekanaatstsjerke. Mar ek dat bliuwt gissen. De earste skoalmaster dy’t yn de argiven neamd wurdt is Harmen Folkertz. Hy wie skoalmaster yn Aldeboarn fan 1617 oant 1623. As nei de herfoarming neffens guon roomsken, te folle leard wurdt dat neffens harren yn striid is mei de lear fan de memmetsjerke, dan is it de “Papist” Wypke Tjaerds dy’t yn 1635 in “bijschoole” (ekstra skoalle) hâldt. Dit kaam de klassis (regionaal tsjerkebestjoer) Zevenwolden op it sear. Nei de bemuoiïng fan de klassis wurdt neat mear heard fan dy “ekstra skoalle”. Yn 1866 ûntstiet in oar probleem. Master Van Tuinen lit de bern ‘Bibelske ferhalen yn religieuze boeken’  lêze. De skoalopsjener dy’t in ferslach fan de skoalkommisje ûnder eagen krige wêrt dit yn beskreaun stie, frege yn in brief oan it kollezje fan Boargemaster en Wethâders de onderwizer  te wizen  “op zijn laakbare handelingen en hem te gelasten zich voortaan hiervan te houden”.  Master Van Tuinen ferdigene him fûleindich tsjin dizze beskuldiging. Hy ferwiisde nei de wet dy’t stelde dat ûnderwiis jûn wurde moast yn alle kristlike en maatskiplike deugden en dat nimmen op ien of oare manier oanstjit nimme mocht oan hokfoar diel fan de oplieding. It probleem waard oplost yn in petear tusken alle belutsenen. Hoe wie it salaris fan de ûnderwizer? De tsjerkfâldij betelle 280 gûne as salaris. Fierder krige de skoalmaster skoaljild foar it oantal learlingen dat op skoalle siet en hy hie fergees wenjen. Nei it fuortgean fan master Van Tuinen kaam der in ein oan de salarisbetelling troch de tsjerke.

It skoalgebou waard te lyts. Der moast in nije skoalle boud wurde. Dy waard yn 1872 yn gebrûk naam. Master Van Tuinen (heit fan de biolooch Klaas Bisschop van Tuinen) koe dêr mar in koarte tiid les jaan om’t hy yn datselde jier mei pensjoen gie. It wie, lykas de wet fan 1857 definieare, “in neutrale skoalle”. Dêr  hie master Van Tuinen him op beroppen. De âlde skoalle waard oerdroegen oan it NUT en waard in “bewar naai- en breiders -skoalle”. Yn 1922 waard de doetiidske iepenbiere basisskoalle (skoalle 1) wiidweidich renovearre. Nei de ferbouwing binne der fiif klaslokalen en in gymnestykseal. Yn 1987 wurdt de hjoeddeiske IBS de Boarne yn gebrûk nommen.

De skoallewet fan 1857 iepene ek de mooglikheid foar it oprjochtsjen fan bysûndere skoallen. Dizze soene lykwols net finansierd wurde troch de regearing. Gelike finansiering tusken iepenbier ûnderwiis en bysûnder ûnderwiis kaam yn 1917 ta stân en waard fêstlein yn artikel 23 fan de grûnwet. Yn 1887 lêze wy foar it earst dat besocht wurdt in “Skoalle mei de Bibel” op te rjochtsjen. It docht bliken dat der twa ferienings binne dy’t Kristlik ûnderwiis wolle yn Aldeboarn. De twa ferienings fusearren yn 1935. Yn 1888 woe men de mooglikheid besjen foar in lokaal om ûnderwiis te jaan. De eardere pastorij fan de Herfoarme Tsjerke waard dêrfoar kocht. Dat de skoalle tusken twa oare skoallen ynsluten  wurde soe, wie gjin beswier. Op 10 juny 1889 waard de bou fan de earste Kristlike skoalle opdroegen oan de pleatslike timmerman Haasdijk. Yn 1913 waard dizze skoalle opknapt en yn 1951 waard op de Skoallereed/Súdkant in folslein nije skoalle boud. Dizze skoalle waard letter omboud ta Dorpshûs de Jister en is op 29 maart 1989 yn gebrûk nommen. Yn 1986 wurdt de Kristlike basisskoalle De Finne iepene oan de Jancko Douwamastrjitte. Hij kaam yn it plak fan de NUTS beukerskoalle, dy’t op 18 desimber 1972 iepene waard troch Haadliedster Juf.Boersma. De beukerskoalle krige de namme “De earste wjukslach”. De âlde NUTS  “bewar naai- en breiders -skoalle” waard op 16 maart 1973 yn gebrûk nommen as jeugdsintrum “Medium”.

Share

Skoalle