SPAR gebou

[Fryske tekst ûnder]

Lutzen Bottema werd geboren op 7 februari 1887 en overleed op 24 januari 1972. Hij was de drijvende kracht achter de oprichting van De Spar afdeling Oldeboorn. In 1914 nam Lutzen de winkel over die in 1880 door zijn vader was opgericht. In het Spar gebouw is een glas in lood raam aanwezig dat herinnert aan de oprichting (zie foto hiernaast). Deze winkel stond aan de Weaze waar nu de Broekhústerwei is. Naast de winkel had Bottema ook een grossierderij. Hij leverde aan winkeliers in Aldeboarn, maar ook in de omliggende dorpen als Tynje en Terwispel. In de 30er jaren van de 20e eeuw zag Bottema het voortbestaan van al die kleine winkeltjes al in gevaar komen door de opkomst van de grootwinkelbedrijven.

In 1932 werd door de heer Van Well in Zoetermeer De Spar opgericht. 16 kleine winkeliers in en rond Zoetermeer staken de hoofden bij elkaar. Het werd het eerste vrijwillige filiaalbedrijf van Nederland. 

Ook Bottema zag hier wel iets in voor Aldeboarn. Begin 1934 waren er al 20 winkeliers die wel wat in de plannen van Bottema zagen. Op 8 maart 1934 was de eerste bijeenkomst in “Ons Huis”  het voormalige gemeentehuis. Op 15 maart 1934 werd de Spar afdeling Oldeboorn opgericht. In juli van datzelfde jaar waren er inmiddels 110 winkels bij aangesloten. De Spar groeide aan de Weaze uit haar jasje. In “Ons Huis” was inmiddels de administratie ondergebracht en in de Mounesteech werd het pakhuis van Hooisma in gebruik genomen. In 1953 werd besloten om een nieuw distributiecentrum te gaan bouwen. Op 15 september 1953 betrekt de Spar, inmiddels als groothandel, het gebouw aan de Súdkant. De oude panden aan de Weaze waren verkocht aan de gemeente. Met de afbraak van die panden  en het voormalige gemeentehuis, werd de ontsluiting van het Lege Midden gerealiseerd. In de 60e jaren van de 20e eeuw wordt het distributiecentrum uitgebreid. In 1985 wordt alles verplaatst naar Gieten en komt er een einde aan De Spar Aldeboarn. Een halve eeuw een begrip. 

Winkel van de familie Bottema die vanaf 1914 door Lutzen werd gedreven. Rechts daarvan het gemeentehuis. De foto moet rond 1910 zijn gemaakt.

Fryske tekst

Lutzen Bottema waard berne op 7 febrewaris 1887 en ferstoar op 24 jannewaris 1972. Hy wie de driuwende krêft efter de oprjochting fan ôfdieling De Spar Oldeboorn. Yn 1914 naam Lutzen de winkel oer dy’t yn 1880 troch syn heit oprjochte wie. Yn it Spar-gebou is der in brânskildere rút ta oantinken oan de oprjochting (sjoch ynsetfoto). Dizze winkel stie oan de Weaze dêr’t no de Broekhústerwei is. Neist de winkel hie Bottema ek in gruthannel. Hy levere oan winkellju yn Aldeboarn, mar ek yn ‘e omlizzende doarpen lykas Tynje en Terwispel. Yn ‘e 30er jierren fan de 20ste iuw seach Bottema it fuortbestean fan al dy lytse winkels al yn gefaar kommen troch de opkomst fan grutte winkelbedriuwen.

Yn 1932 rjochte de hear Van Well De Spar op yn Zoetermeer. 16 lytse winkeliers yn en om Zoetermeer stieken de hollen byinoar. It waard it earste frijwillige filiaalbedriuw yn Nederlân.

Bottema seach hjir ek wat yn foar Aldeboarn. Oan it begjin fan 1934 wiene d’r al 20 winkellju dy’t wat seagen yn Bottema syn plannen. Op 8 maart 1934 waard de earste gearkomste hâlden yn “Ons Huis”, it eardere gemeentehûs. Op 15 maart 1934 waard de ôfdieling Spar Oldeboorn oprjochte. Yn july fan itselde jier wiene der al 110 winkels by oansluten. De Spar groeide út har jas op ‘e Weaze. De administraasje wie no ûnderbrocht yn “Ons Huis” en it pakhús fan Hooisma waard yn gebrûk nommen yn ‘e Mounesteech. Yn 1953 waard besletten om in nij distribúsjesintrum te bouwen. Op 15 septimber 1953 ferhuzet de Spar, no in gruthannel, nei it gebou oan ‘e Súdkant. De âlde gebouwen oan de Weaze wiene ferkocht oan de gemeente. Mei de sloop fan dy gebouwen en it eardere gemeentehûs waard de ûntsluting fan it Lege Midden realisearre. It distribúsjesintrum wurdt útwreide yn ‘e 60er jierren fan de 20ste iuw. Yn 1985 wurdt alles ferpleatst nei Gieten en komt der in ein oan De Spar Aldeboarn. In heale iuw in begrip.

Winkel fan de famylje Bottema, dy’t fan 1914 ôf beheard waard troch Lutzen. Rjochts dêrfan it gemeentehûs. De foto moat om 1910 makke wêze.

Share

SPAR gebou