Tiid: 20:00 oere.
Kaarten: Oan de doar, fol=fol.
In teäterstik foar elkenien troch bern spile (8 – 12 jier) basearre op in tekening fan in âlde frou en ideeën fan de bern.
Ferhaal
Yn de 18e iuw wurdt Fockje Johannes troch de bewenners nei in grot stjoerd, omdat se tinke dat se in heks is. Se is hiel âld en dat fynt elkenien frjemd. Fockje is allinnich yn de grot en hâldt flearmûzen as freonen. Op in dei fynt se in spesjale stien dy’t ljocht jout. Se makket in spreuk op de stien: wa’t de stien oanrekket, bliuwt foar altyd libjen.
Minsken hearre oer de stien en geane nei de grot, mar guon ferdwine. No is de grot ticht, minsken meie der net mear yn. De grot is ferflokt. Op in dei sykje in groepke skoalbern ûnderdak foar in reinbui yn de grot. Mar de juf komt net werom. De bern geane op ûndersyk út en sjogge dat Fockje in museum hat mei bylden fan minsken út alle tiden. Om harren te befrijen, moatte de bern riedsels oplosse, oars wurde se ek in stânbyld. En wa is dat frjemde byld dat de stien werom wol?

